Rotonde Makkum



MAKKUM – De rotonde oan ’e ynfalswei nei Makkum stiet der prachtich by. De Makkumer Sibo Hiemstra fan Hoveniersbedrijf Hiemstra kaam mei it inisjatyf om der in echte Makkumer rotonde fan te meitsjen.

Hy hat de rotonde oanlein en ûnderhâldt him ek. De marpeallen op ’e rotonde ferwize nei de haven en fiskerij, it siergers ferwiist nei it reid, de gloaiïng nei de weagen en it wiuwende gers nei de see. Koartom: de rotonde past perfekt by Makkum. De gemeente hat it materiaal en de grûn oanlevere. Op ’e foto steane Sibo Hiemstra (links) en Rienk Hibma (rjochts)


Bron: Bolswards Nieuwsblad

0 antwoorden

Plaats een Reactie

Meepraten?
Draag gerust bij!

Geef een antwoord

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *