Informatie
As wy hjoeddedei oer de Doarpskrite Makkum prate ha we it oer toanielspyljen. Mar dat wie yn ‘e begjinjierren fan de Krite wol oars.Op 15 desimber 1943 waard yn hotel “De Swan” yn Makkum de oprjochtingsgearkomste holden fan de feriening “It Selsskip foar Fryske Tael-en Skriftekenisse”. Njonken it beoefenjen fan toaniel hold de feriening him ek dwaande mei it organisearjen fan allerhanne aktiviteiten op it Fryske mêd. Mannen fan it earste oere wienen Gerrit de Haan, Klaas Hettema en Rinke Reitsma. Optwadde Krystdei 1943 en 1 jannewaris 1944 waard it earste stik “Hoe âlder, hoe gekker” spile yn ‘e Swan. Beide kearen siet de seal grôtfol.Yn 1951 feroare de ferieningsnamme yn “Doarpskrite Makkum”.Yn dizze perioade hat men in protte dien oan it ferbetterjen fan it toanielspul. Kursussen toanielspyljen, toanielrezjy, toanielbou, grimearjen makken dat it peil fan it amateurtoaniel omheech gong. Sûnt 1975 spilet de Doarpskrite mei yn kriichferbân fan it Boun Fryske Toaniel selskippen en komt út yn ‘e eareklasse. De skiednis fan de Doarpskrite waard yn 1995 fêstlein yn it boekwurk “50 jier Doarpskrite Makkum”.
Doarpskrite Makkum
p/a Turmarkt 87
8754CJ – Makkum
Per email: doarpkritemakkum@gmail.com
Bestuur:
Ewoud van der Kamp, voorzitter
Sandra Smid, penningmeester
Margriet Teerenstra, secretaris
Gea Bakker, bestuurslid