Marine dûkt by Makkum nei fleantúchwrakken


Foar de kust fan Makkum lizze twa grutte militêre skippen. De Keninklike Marine brûkt de skippen as útfalsbasis om te oefenjen mei dûkteams. De dûkers sochten spesifyk twa fleantúchwrakken út de Twadde Wrâldoarloch. De Marine hat ien fan beide wrakken fûn en ûndersocht. De oare bliuwt lykwols noch in mystearje.


Bron: Omrop Fryslân